Regionale omroppen krije plak yn lanlik NOS sjoernaal

15 feb 2016 - 10:39

De NOS en de regionale omroppen wêrûnder Omrop Fryslân sette moandei útein mei deistige regiobulletins yn de sjoernaals fan tolve en trije oere. De gearwurking betsjut dat der geregeld nijs út ús provinsje op de lanlike telefyzje te sjen wêze sil. Tagelyk komt der moandei in ein oan it nijs fan in minút dat oant no ta by de omrop altyd te sjen wie om ien oere.

Effisjinter

De nije sjoernaals by de NOS wurde sa in kombinaasje fan ynternasjonaal, nasjonaal en regionaal nijs. Neffens Klaas Geert Bakker, haadredakteur fan Omrop Fryslân, is de gearwurking in inisjatyf fan sawol de NOS as de regionale omroppen. Der kin sa effisjinter wurke wurde en it is in tarieding op oare útstjoeringen fan de regionale omroppen op de lanlike telefyzje.

Hjoed net mear op snein

It ferdwinen fan de nijsminút by de Omrop is net de iennichste feroaring. Fan 1 maart ôf wurdt it telefyzjesjoernaal Hjoed yn it wykein net mear útstjoerd op snein, mar allinnich noch op sneon. De reden dêrfoar is dat in soad minsken hieltyd faker online nei nijs siket. "We blijven nog veel radio en tv uitzenden, maar we moeten ook meer doen aan online. En dan moet je niet alleen denken aan de website, maar ook aan de app van Omrop Fryslân waar een heel groot deel van ons publiek tegenwoordig het nieuws vandaan haalt en ons bekijkt en beluistert", aldus Bakker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)