Nasjonale sportwike fan start

21 apr 2012 - 10:20

Op ferskate plakken begjint sneon de nasjonale sportwike. Doel is om elkenien yn beweging te krijen. Yn Fryslân dogge ûnder oare Ljouwert en de gemeente Súdwest Fryslân mei. Yn Ljouwert is de Duch Street Cup, in lanlike strjitfuotbalkompetysje foar minsken yn in kwetsbere posysje. De teams yn Ljouwert besteane út sporters fan de frouljusopfang, ferslavingssoarch en maatskiplike opfang.

De rest fan de wike binne der noch allegear aktiviteiten, lykas tennislessen en sportclinics op de atletykbaan.

Trefwurden: 
sportwike
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)