"15 oant 18 miljard besunigje"

Der is op it Catshûs ôfpraat dat tusken de 15 en de 18 miljard euro ekstra besunige wurde sil. Dat ferwachtet steatssiktaris Bleker. Hy sei dat freedtejûn op in gearkomste fan de Agraryske Jongeren Fryslân.
It CDA sil mei dat strieminne nijs de boer opgean. Neffens Bleker kin it net oars. De VVD, it CDA en de PVV hiene yn it regearakkoart al ôfpraat dat der 18 miljard besunige wurde moat yn dizze regearperioade, mar dêr komt dus nochris sa'n bedrach by.
Neffens Bleker kin it net oars, omdat Nederlân oars in legere ynskaling krijt op de ynternasjonale merken. Dat betsjut dat der mear rinte betelle wurde moat en dat kostet ek miljarden alle jierren. Bleker ferwachtet dat eltsenien wat fan de besunigingen fernimme sil.