Follybalsters Snits winne yn en tsjin Zwolle

© Henk Jan Dijks
VC Snits giet mei in goed gefoel de play-offs yn. Snein waard der yn en tsjin Zwolle mei 3-2 wûn. De ploech fan coach Petra Groenland kaam net goed út 'e startblokken. Yn de earste set ferlear Snits mei 25-23. De follybalfroulju kamen ek yn 'e twadde set op efterstân, mar dat koe ombûgd wurde nei in 25-21 oerwinning. It spulbyld wie yn de tredde set itselde: in efterstân foar Snits, mar dochs de winst: 25-20. De fjirde set gie ferlern mei 25-20. Yn de fiifde en lêste set waard it ferskriklik spannend, mar wist Snits wol te winnen: 15-13.
Snits einiget yn 'e reguliere kompetysje as earste. De follybalsters geane no de play-offs om it kampioenskip yn. Fan 25 febrewaris ôf meitsje Snits, Sliedrecht, Alterno, Set Up, Zwolle en Eurosped yn de kampioenspûl út wa't kampioen wurdt fan Nederlân. VC Snits nimt as koprinner 5 punten mei nei de play-offs, de nûmer twa krijt 4 punten en sa fierder.