LDODK wint foar de twadde kear dit seizoen fan Blau Wyt

De kuorballers fan LDODK ha de goede foarm fan de lêste wiken snein trochsetten tsjin Blau Wyt Amsterdam. Yn it folle sportsintrum Koartsweagen krige de wedstriid yn de kuorbal league 24-23 as einstân. LDODK pakte daliks in 5-1 foarsprong. Nei 6-6 waard it 10-6 en 16-12 by it skoft. Yn de twadde helte gong it skoaren gâns stroefer en kaam Blau Wyt dochs wer njonken de ploech út Terwispel en De Gordyk en sels wer op foarsprong. Nei 22-22 skoarden Diana van der Vorst en Betty Jansma de lêste twa LDODK goals.
LDODK stiet no fjirde op de ranglist, twa punten foar KZ en trije punten foar Dos'46 út Nijeveen. Der binne noch sân duels te gean foar de play-offs.