Arjan Stroetinga moat wrâldtitel massastart ôfstean

14 feb 2016 - 15:37
  • Arjan Stroetinga, BAM ploech

Arjan Stroetinga is syn wrâldtitel op de massastart kwytrekke yn Kolomna. Yn de einsprint wie de Koreaan Seung-Hoon Lee krekt rapper as Stroetinga. Alexis Contin wûn it brûns. Jorrit Bergsma makke yn it begjin de race hurd, mar gong letter ûnderút.

By de froulju gong de winst nei Ivanie Blondin út Kanada. De Koreaanse Bo-Reum Kim waard twadde, de Japanse Miho Takagi tredde. Irene Schouten, krekt as Stroetinga de kampioen fan 2015, waard tsiende. Janneke Ensing waard sânde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)