Te kâld: Organisaasje leit Winterfytsalvestêdetocht stil

14 feb 2016 - 14:20

De organisaasje fan de Winterfytsalvestêdetocht hat besletten om de tocht fuortendaliks stil te lizzen. De stimpelposten wurde yn etappes sletten. Foar de dielnimmers wurdt foar ferfier soarge. De kjeld en de minder wurdende waarsomstannichheden binne de reden foar it beslút.

"Een boel mensen hebben zich verkeken op de absolute temperatuur, die net boven het vriespunt ligt, maar de gevoelstemperatuur is wel tien graden lager", seit Eric Lansu fan de organisaasje. Wa't om twa oere Bartleheim net foarby wie, mocht net mear fierder.

Underkuollingsferskynsels

It beslút is nommen nei oerlis mei waarman Piet Paulusma. Dy hat sein dat it waar net ferbetterje sil en eins allinnich mar minder wurdt. Tolve EHBO-teams geane by de Alvestêderûte del om minsken termotekkens te jaan. Op wat ûnderkuollingsferskynsels nei, is der oant no ta gjin gefaar foar de dielnimmers, mar dat wol de organisaasje ek krekt foarkomme. Dêrom waard fan ûngefear healwei ienen ôf begûn mei it sluten fan de stimpelposten. Fan de 1200 dielnimmers sille der by dizze edysje in soad net fytsend de finishstreek helje. Om 14.00 middeis wie ûngefear de helte fan de 1200 dielnimmers al mei alternatyf ferfier op de weromreis nei Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)