Wer goud Jorien ter Mors, Wüst fjirde, Leenstra sechsde

14 feb 2016 - 14:02

Jorien ter Mors hat op it WK ôfstannen yn Kolomna har twadde gouden medalje te pakken. Nei de winst fan freed op de 1000 meter wie se no de bêste op de 1500 meter. Ter Mors, wenjend op It Hearrenfean, kaam al yn de earste rit yn aksje. Har geweldige rit einige yn 1.53.92. Alle oare froulju bieten har dêrnei stikken op dy tiid. Heather Richardson-Bergsma waard twadde yn 1.54.67, Brittany Bowe tredde yn 1.55.09.

Ireen Wüst einige as fjirde yn 1.55.93, Marrit Leenstra sechsde yn 1.56.25.

Teloarstelling by Wüst

Ireen Wüst wie tige teloarsteld oer har 1500 meter. Wüst wie snein twa tellen stadiger as Jorien ter Mors. "Ik kwam totaal niet op snelheid", sei Wüst nei ôfrin. "Het was een nietszeggende rit. Ik had hier veel meer van verwacht."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)