Drankrider parkeart achter plysje-auto en is rydbewiis kwyt

De drankrider parkearde flak achter de plysje-auto.... © Sicco Riedstra
Op de Drachtster Súdkade hat de plysje sneontenacht in drankrider betrape. De plysje hoegde der net in soad muoite foar te dwaan, want de man parkearre syn auto flak achter de plysje-auto op in taksystânplak. Doe't de plysje de man frege om syn auto te ferpleatsen, foel it de plysje op dat de man oer de foet rûn. Foldwaande oanlieding foar in blaastest.
Omdat de man dwers wie, waard er ynrekkene. By de blaastest die bliken dat de man oer syn teewetter wie. Syn rydbewiis is ynfoardere.