Tiisdei demonstraasje tsjin AZC yn Wytmarsum

Der is no ek in aksjepagina 'Witmarsum tegen azc' op Facebook
Der komt in demonstraasje tsjin de komst fan 300 asylsikers yn Wytmarsum. Op Facebook is in side oanmakke dêr't foar no tiisdei 16 febrewaris in saneamde 'vreedzame demonstratie' oankundige wurdt. De groep neamt himsels 'Mienskip', der steane gjin nammen fan de organisatoaren by.
No tiisdei hâldt de gemeente Súdwest-Fryslân in ynformaasjejûn yn Wytmarsum foar alle ynwenners. De gemeente hat mei it fersyk fan it COA ynstimd om mei yngong fan 2017 300 flechtlingen op te heinen yn it eardere kleaster. Dêr sieten earder ek asylsikers.