Plysje Ljouwert siket tsjûgen fan ynbraak oerdei oan rûnwei

14 feb 2016 - 11:32

De plysje siket tsjûgen fan in ynbraak yn Ljouwert op ljochtskyndei. By in hûs oan de Archipelwei yn Ljouwert waard sneontemiddei oan de efterkant in rút ynsmiten. Even letter seach in buertbewenster in man fuortrinnen mei in telefyzje achter op de pakjedrager fan in frouljusfyts.

It soe gean om in man mei in swarte learen jas en koart swart hier. Minsken dy't sneon oan it begjin fan de jûn in man sjoen ha mei in telefyzje achter op de fyts wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)