Grutte Pier ronselet manlju en froulju foar syn leger

14 feb 2016 - 10:45
  • Regisseur Dirk Bruinsma fan it Grutte Pierspektakel

Grutte Pier is snein yn Ljouwert manlju en froulju oan it ronseljen foar De Arumer Zwarte Hoop. It is de tarieding op de twadde grutte foarstelling oer Grutte Pier fan Teater de Peergroup. Yn augustus en septimber wurde dy foarstellings opfierd yn Kimswert. Der wurde noch minsken socht om har sabeare by it leger fan Grutte Pier oan te sluten.

De trainingen binne op ferskate plakken yn Fryslân. Snein sil de haadrolspiler - Grutte Pier sels - op in parsekonferinsje mear fertelle oer de stratezjy.

De Peergroup hold ferline jier de earste fan trije grutte foarstellings oer Grutte Pier yn Kimswert: De brân. Dêrby waard de neiboude pleats fan Pier Gerlofs Donia, op it plak dêr't dy eartiids stien hat, yn brân stutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)