Aris jout de winst fuort tsjin Amsterdam

13 feb 2016 - 23:45

De basketballers fan Aris ha de wedstriid yn de ûnderein fan de basketballeague mei 75-74 ferlern fan Apollo Amsterdam. Yn sporthal It Kealledykje stie thúsploech Aris healwei op in 40-27 foarsprong. Dêrnei gong it gâns minder mei de Ljouwerters. Amsterdam krûpte stadichoan tichteby Aris. Krekt foar de ein gong Amsterdam Ljouwert foarby. Javier Duren wie mei 31 punten wol geweldich produktyf foar Aris, mar dat smiet gjin resultaat op.

Aris stiet no foarlêste op it sânde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)