Snits Wyt Swart wint fan nûmer twa WKE

13 feb 2016 - 23:18

Sneinstopklasser Snits Wyt Swart Boso Snits soarge sneontejûn foar in ferrassing troch de nûmer twa WKE mei 2-1 te ferslaan. Erolind Derguti sette de Snitsers al nei trije minuten op foarsprong. Hy skeat de penalty tsjin de touwen neidat Sean de Ruiter dellein wie. Tjeerd Andringa ferdûbele de marzje tsien minuten letter mei in skot út de draai. WKE besocht it wol, mar de thúsploech fan trainer Berry Zandink joech it net út hannen.

Robby Holder makke tweintich minuten foar tiid de goal foar de ploech út Emmen.

Foar Snits Wyt Swart is it de fiifde oerwinning fan it seizoen. De ploech bliuwt foarlêste, mar hat de oansluting mei de ploegen dêr krekt boppe wer fûn. Earder dit seizoen waard it yn Emmen 1-1 tusken beide ploegen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)