Wüst, De Jong en Leenstra winne ploege-efterfolging

13 feb 2016 - 17:55

It trio Ireen Wüst, Antoinette de Jong en Marrit Leenstra hat foar Nederlân de ploege-efterfolging op it WK yn Kolomna wûn. As in soepele masine gong de ploech oer it iis oant de lêste bocht. Dêr gong Marit Leenstra hast ûnderút. De winnende tiid wie 2.58.12.

Japan, de kampioen fan 2015, waard twadde yn 2.58.31. Ruslân kaam mei 3.02.59 op it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)