Harkemase Boys spilet thús gelyk tsjin Excelsior '31: 0-0

13 feb 2016 - 16:37
  • Oebele Schokker komt it fjild op

Harkemase Boys is der sneon op eigen fjild net yn slagge te winnen fan nûmer twa Excelsior '31. De wedstriid op sportpark De Bosk einige yn in 0-0 lykspul. Yn in lykopgeande earste helte krigen de gasten út Rijssen de bêste kâns, mar keeper Erick Jansema brocht rêding. Nei rêst wie Oebele Schokker oant trije kear ta ticht by de winnende goal, mar hy skoarde net.

Yn de spannende slotfaze moast keeper Jansema der op 'e nij oan te pas komme om in tsjintreffer fan Excelsior foar te kommen.

Troch it lykspul komme de Harkiten op 38 punten út 15 wedstriden. Excelsior folget mei 32 punten, út in wedstriid mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)