SC Hearrenfean prate mei Art Langeler oer 'funksje op fjild'

13 feb 2016 - 15:21

SC Hearrenfean hat mei Art Langeler praat. Dat meldt RTV Noord. It haad oplieding by PSV soe wer graach as haadtrainer aktyf wurde wolle en is dwaande om him te oriïntearjen. Hy hat dêrom njonken SC Hearrenfean ek mei FC Grins praat. Langeler (45) waard yn 2012 kampioen yn de earste difyzje mei PEC Zwolle. Hy wie dêr 3,5 jier haadtrainer en makke doe de oerstap nei PSV.

Hoe konkreet it petear tusken SC Hearrenfean en Langeler wie is net bekend. Langeler wachtet no earst ôf oft der ek in klup is mei konkrete belangstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)