SC Cambuur kiest foar Keizer "fanwege fuotbalfyzje"

13 feb 2016 - 15:08
  • Marcel Keizer

Marcel Keizer, de nije trainer fan Cambuur, is oanlutsen fanwege syn fuotbalfyzje. Dat seit algemien direkteur Ard de Graaf. Neffens De Graaf is earder ôfpraat dat Cambuur allinnich op it heechste nivo fuotbalje kin as der echt fuotbal yn de ploech sit.

Keizer wie as technysk manager oant begjin dit seizoen meiferantwurdlik foar dat belied. Hy mei it no wiermeitsje op it fjild. Keizer sil alderearst besykje om Cambuur yn de earedifyzje te hâlden. As dat net slagget moat hy fierder wurkje oan it ynfoljen fan de fuotbalfyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)