Sven Kramer foar sânde kear de bêste op de 5000 meter

13 feb 2016 - 14:36

Sven Kramer hat opnij taslein op it WK ôfstannen yn Kolomna. Mei in machtige 5000 meter yn de lêste rit pakte Kramer alwer de sânde wrâldtitel op 'syn' ôfstân. De winnende tiid 6.10.31. Jorrit Bergsma ried ek poerbêst, mar bleau mei 6.10.66 stykjen op it sulver.

Sverre Lunde Pedersen pakte it brûns mei 6.15.08. Ted-Jan Bloemen waard fiifde yn 6.18.81, Douwe de Vries njoggende yn 6.21.49.

Tongersdei wie Sven Kramer ek al de bêste op de 10 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)