Triengasgranaat yn hûs smiten

© Omrop Fryslân
Yn de Saskiastrjitte yn Sint Anne is freedtemoarn in triengasgranaat yn in hûs smiten. De bewenner melde him by it plysjeburo mei de melding dat it nuver rûkte by him thús en dat er lêst fan trienjende eagen hie.
Doe't plysjeminsken yn it hûs kamen, rûkten se in sterke gemyske lucht. Se warskôgen daliks de brânwacht. De strjitte waard ôfset en twa huzen waarden ûntromme. Op it húske waard dêrnei in triengasgranaat fûn. Dy wie der fia it rút ynsmiten. De plysje hat it projektyl meinaam foar ûndersyk