Hûndertfyftich jongeren dogge audysje foar dramasearje

Hûnderdfyftich jonges en famkes fan tusken de 13 en de 16 jier ha har oanmelden foar de audysjes foar in nije dramasearje. Santich dêrfan binne selektearre foar de earste audysjedei fan sneon yn it gebou fan Omrop Fryslân. Guon dêrfan meie snein weromkomme.
Programmamakkers Halbe Piter Claus en Jurgen Scholten wolle noch net al tefolle kwyt oer de nije searje. Dat komt omdat it skript noch net hielendal klear is. Ek de namme fan de nije dramasearje stiet noch net fêst.