100 winterbannen stellen

By in bedriuw oan de Venekoterwei yn Easterwâlde binne tongersdeitenacht hûndert nije winterbannen stellen. De dief hat in doar fernield om deryn komme te kinnen. Njonken de winterbannen is der ek noch in tal kachels en oalje stellen. It bedriuw moat noch oanjefte dwaan fan de stellerij.
By in ynbraak oan de Alde Mar yn Dronryp is in soad skea oanrjochte. De ynbrekker koe deryn komme troch in rút stikken te meitsjen. Yn it bedriuw sels waarden ferskate doarren fernield. Der waarden in laptop, in server en jild stellen.