Marcel Keizer begjint moandei as haadtrainer fan SC Cambuur

13 feb 2016 - 11:56
  • Marcel Keizer

It is SC Cambuur slagge om gau in opfolger te finen foar Henk de Jong. Fan moandei ôf is Marcel Keizer (47) de nije haadtrainer. Keizer hat by Cambuur in kontrakt tekene foar 2,5 jier. Keizer is net ûnbekend by Cambuur. Hy spile 300 wedstriden foar de Ljouwerters tusken 1989 en 1999 en it ôfrûne seizoen wie hy in skoft technysk manager.

Keizer wie haadtrainer fan FC Emmen. Hy is bliid dat er wer mei Cambuur wurkje kin. "Dit is een kans die niet vaak voorbijkomt." Keizer wol der alles oan dwaan om Cambuur yn de earedifyzje te hâlden.

Keizer stie as kandidaat-trainer boppe-oan it listje fan technysk direkteur Henry van der Vegt omdat hy in goeie trainer is en goed bekend is mei de klup, de spilers en de technyske stêf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)