Sander Dekker: Omrop Fryslân moat wol opgean yn RPO

13 feb 2016 - 11:22

Steatssekretaris Dekker fan Mediasaken bliuwt fan miening dat Omrop Fryslân opgean moat yn ien lanlike organisaasje fan regionale Omroppen, de RPO. Der bliuwt dan in redaksje yn Ljouwert, mar direksje en bestjoer wurde sintraal regele. Dat soe effisjinter wêze, sadat der minder besunige hoecht te wurden op programma's.

Dekker skriuwt dat yn in brief oan de Earste Keamer. Ferskate fraksjes pleiten foar behâld fan in eigen en selsstannige posysje foar Omrop Fryslân, ek bestjoerlik. Dekker neamde dat lykwols "een prestige-ding".

Yn syn brief werhellet Dekker de tasizzing om gau in akkoart te sluten mei de provinsje Fryslân. Dêryn wol hy ôfspraken meitsje om Frysktalige programmearring te fersekerjen : ynhâldlik en ek finansjeel. De Earste Keamer sil op 1 maart definityf beslute oer de nije Mediawet. By it debat oer de Mediawet fan begjin dizze moanne waard Dekker allinnich stipe troch de VVD, syn eigen partij. Deputearre Sietske Poepjes wol graach foar 1 maart mei Dekker prate oer de selsstannige posysje fan Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)