Sjinkie Knegt komt net mear yn aksje dit seizoen

Shorttracker Sjinkie Knegt is de rest fan it seizoen útskeakele. De Bantegeaster, Europeesk en wrâldkampioen fan 2015 en sportman fan it jier 2015, hat by in fal yn Dordrecht by de wrâldbekerfinale trije brutsen ribben en in skuorke yn syn lever oprûn. Fierder binne der noch in tal ynwindige kniezings.
Knegt foel mei de ôflossing tegearre mei de Brit Jack Whelbourne en kaam ûngelokkich tsjin de boarding en botste dêrnei wer op de Brit. Oer in moanne soe Knegt syn wrâldtitel ferdigenje yn Seoul, mar dy kâns krijt hy no net.
Jack Whelbourne hopet dat Sjinkie fluch werstelt. Dat skriuwt er op twitter. Hy lit wite dat er gjin botbreuken oprûn hat.