Jagers besykje roeken te ferjeien yn Ljouwert

Kauw © Omrop Fryslân
Jagers sette kommende moandei útein mei it ferjeien fan roeken yn Ljouwert. It is al foar it fjirde jier dat sy dat dogge. Ien en oar duorret seis oant acht wiken. It ferjeien begjint yn de wyk Heechterp-Schieringen by de Ahornstrjitte en Eikenstrjitte.
De gemeente besjocht de kommende twa moannen noch as der op mear plakken aksje nedich is. Soks is oan 'e oarder as grutte groepen roeken tichter as 25 meter út in gevel sitte.