Omrop TIP: Wenje op in put, de gefolgen fan de gaswinning

13 feb 2016 - 07:34

Jierrenlang is der warskôge foar de negative gefolgen fan gas- en sâltwinning. Nea waard dy warskôging echt serieus nommen. Mar no’t yn Grins de skea pynlik sichtber wurdt, is elkenien klear wekker. Want ek yn Fryslân wurdt der gas en sâlt wûn, mei byhearrende gefolgen.

Soargen

Ynwenners fan it doarp Toppenhuzen meitsje harren slim soargen. Oaljemaatskippij Vermilion wol dêr fiifhûndert miljoen kúb gas winne oer in perioade fan tsien oant fyftjin jier. Dat hat al ta kommoasje laat.

Begryp

Yn Winaam begripe se dy noed. Dêr is de grûn troch gas- en sâltwinning mear sakke as foarsein en der binne skuorren yn de huzen ûntstien. Mar in goede skearegeling foar partikulieren is der net. Problemen meie de ynwenners sels oplosse.

De dokumintêre 'Wenje op in put' is sneon om 13:10 oere en snein om 13:00 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)