Sjinkie Knegt hurd fallen by wedstriid yn Dordrecht

Shorttracker Sjinkie Knegt is freedtejûn raar te fallen kaam by de wrâldbekerfinale dy't yn Dordrecht hâlden wurdt. Op it ûnderdiel ôflossing gie Knegt tegearre mei in oare shorttracker ûnderút en fleach hurd tsjin de boarding oan. Knegt krige de knibbel fan syn tsjinstanner tsjin de holle oan en rekke efkes út de tiid.
Hy lei dêrnei tsien minuten op it iis en is mei in brankaar fuortbrocht nei it sikehûs. Hy hat lêst fan syn mage en syn ribben en hat mooglik in harsenskodding.
It is net dúdlik oft hy dit wykein noch ride kin.