Plysje pakt trije winkeldieven op yn Drachten

Stellerij © Omrop Fryslân
De plysje yn Drachten freget winkeleigeners dy't dupearre binne troch stellerij om oanjefte te dwaan, nei't se twa auto's fol mei stellen guod fûn ha. De auto's wienen fan trije winkeldieven, dy't tongersdeitemiddei oanhâlden binne. De froulju hiene benammen rûkersguod, klean en húshâldlike apparaten stellen.
De auto's en it stellen guod binne yn beslach naam. De froulju sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.