Bakker Transport fan It Hearrenfean wreidet út

12 feb 2016 - 19:05

Bakker Transport & Warehousing fan It Hearrenfean wreidet fierder út. Freed is de earste peal slein foar in nij saneamd 'Food-Grade Warehouse', efter de lokaasje fan Bakker op bedriuweterrein De Kavels. De moderne loads is geskikt foar libbensmiddels dy't ûnder kontrolearre omstannichheden opslein wurde moatte.

Ferline jier hie it bedriuw ek al in in grutte nije loads yn gebrûk naam, mar de groei sit der sa bot yn dat der no al wer ferlet wie fan fierdere útwreiding.

Bakker Transport en Logistiek hat sa'n 25 frachtweinkombinaasjes op 'e dyk en mear as 70 minsken -hast allegear Friezen- oan it wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)