Man krijt fjouwer jier sel foar mislearre ferkrêfting

© Omrop Fryslân
In man út Rotterdam moat fjouwer jier de sel yn omdat er besocht hat in 75-jierrige frou fan It Hearrenfean te ferkrêftsjen. De man hie earst ynbrutsen by de buorfrou, yn in hûs oan de Coehoorn van Scheltingastrjitte, mar dy wist de man har hûs út te krijen. Se belle dêrnei de plysje. Wylst dy har ferklearring opnamen, hearden se it geraas fan it slachtoffer. Doe't de plysje dêrop ôf gie, seagen se de Rotterdammer boppe-op de frou lizzen.
Hy wie ûnder ynfloed fan drank en drugs. De straf dy't er krigen hat is gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.