Fallyt Beimers Taxi wurdt oernaam troch VMNN Assen

It fallite Beimers Taxi wurdt oernaam troch Vervoers Management Noord-Nederland BV, VMNN, út Assen. Dat bedriuw hat koartlyn ek it fallite JAVO Tours oernaam. VMNN fersoarget taksyferfier foar in soad oerheden en soarchynstellings. De aktiviteiten fan Beimers wurd trochset út deselde lokaasjes yn Ljouwert, Frjentsjer en Sint-Anne.
Foar VMNN wie de oername fan beide bedriuwen strategysk sjoen in goede kâns om sels te groeien, om sa de konkurrinsje yn de brânsj oan te kinnen, seit de direkteur. It is de bedoeling om safolle mooglik personiel fan Beimers oer te nimmen.