Frou Harns is net troch misdriuw om it libben kaam

12 feb 2016 - 15:51

It lichem dat freedtemoarn yn it wetter fan de Boalserter Feart yn Harns fûn waard, is fan in 69-jierrige frou út de stêd. Neffens de plysje is de frou net troch in misdriuw om it libben kaam. It slachtoffer wie earder as fermist opjûn.

In foarbygonger ûntduts it lichem freedtemoarn om njoggen oere hinne en warskôge fuortendaliks de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)