Tjitske Wind is lêste nominearre assistint

12 feb 2016 - 17:40
  • Assistint fan it talint

Tjitske Wind fan VC Sneek is de lêste nominearre fan ‘Assistint fan it talint’. Dy priis wurdt dit jier foar it earst útrikt op it Sportgala Fryslân en is in inisjatyf fan Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante, yn gearwurking mei Sport Fryslân.

Tjitske is al mear as 30 jier aktyf by VC Sneek. Sy is ûnder oare follybalskiedsrjochter, coach, wedstriidlieder en opfangâlder foar talinten fan fier. 

De priis ‘Assistint fan it talint’ is bedoeld foar de assistint dy’t der foar soarget dat jong en âld sporte kinne. De ôfrûne dagen binne de twa earste nominaasjes bekend makke, dat wiene Jan Hulzinga fan VV Suameer en Ingrid van der Molen fan Spelend Sporten. De lêste nominearre is Tjitske Wind.

De sporthal is har thús

Neffens Wilma Grasman is Tjitske faker yn ‘e sporthal as thús op ‘e bank. “Sy stiet altyd foar elkenien klear. Sa nimt sy de sporters ek wol ris mei nei hûs. Komt der talint fan fier? Dan biedt sy har spontaan oan as gastâlder.” En dat allegearre njonken har baan en de húshâlding. “Dat is pas topsport!” seit Wilma.

De driuwende krêft

Kinst wol stelle dat Tjitske Wind de driuwende krêft is efter de sportferieniging. Sy hat meardere funksjes binnen de feriening. Is der in tekoart oan ferfier? Dan komt Tjitske der al oanriden. Hat in team gjin coach? Dan stiet Tjitske klear. “Sy is ûnmisber foar de klup, mar fansels kin sy it allinnich mar dwaan mei de help fan har man Klaas de Groot.”

Wa't de titel ‘Assistint fan it talint’ wint, wurdt op woansdei 17 febrewaris bekend makke op it Sportgala Fryslân. Omrop Fryslân stjoert it folsleine gala live út op Omrop Fryslân telefyzje, ynternet en de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)