Rockband Di-Rect komt nei Admiraliteitsdagen yn Dokkum

12 feb 2016 - 15:29
  • De rockband Di-rect
  • In soad minsken by it poadium fan de Admiraliteitsdagen

De Nederlânske rockband Di-Rect komt yn it earste wykein fan septimber yn aksje by de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. Dat hat de organisaasje freed bekend makke. De band komt op in driuwend poadium te stean, tusken tsientallen histoaryske skippen yn de stêd.

Foarsitter Jan Michiel van der Gang fan de Admiraliteitsdagen seit dat der meikoarten noch mear nammen bekend wurde fan artysten dy't nei Dokkum komme. Di-Rect skoarde hits as 'Inside My Head' en 'Just The Way I Do'. De Admiraliteitsdagen binne fan 1 oant en mei 4 septimber.

Grutsk

''We zijn er ‘grutsk’ op dat Di-Rect naar Dokkum komt. Dit is de eerste naam die we bekendmaken in een rij van namen die nog gaat komen’’, sa seit foarsitter Van der Gang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)