Diskoteek De Prins yn Boalsert giet ticht

Diskoteek De Prins yn Boalsert, it eardere Hof van Holland, giet ticht. Dat meldt eigener Melle Prins. Hy seit dat it net langer helber is om troch te gean. It grutskalige útgean is foarby, mient er.
Prins sjocht dat jongeren mear nei grutte eveneminten en festivals gean. Ek de krisis en it strangere smook- en alkoholbelied hawwe de diskoteek de das omdien.
Prins kocht de disko yn oktober 2006 en begûn in grutte ferbouwing. Yn maaie 2007 waard de saak weriepene. De disko is de kommende trije sneonen noch iepen. Dêrnei is it gebeurd. Der is noch neat bekend oer in mooglike oernamekandidaat.