GGD dielt mjitapparaten út oan bedriuwen yn omjouwing REC

12 feb 2016 - 13:17

De GGD dielt meikoarten mjitapparaatsjes út oan bedriuwen yn de omjouwing fan de reststoffe-enerzjysintrale, de REC. Dizze apparaatsjes moatte yn it earste plak de útstjit fan sâltsoer mjitte troch de sintrale. Op basis fan dy mjittings wurdt op koarte termyn besjoen oft der maatregels nedich binne.

Wurknimmers fan de bedriuwen kleie oer stekkende de trienjende eagen sûnt de REC iepen is. De gemeente Harns is opdrachtjouwer fan de mjittings troch de GGD. It grutte, al rinnende ûndersyk nei de dioksine-útstjit giet gewoan troch.

Gjin sûnensgefaar

De útkomsten fan dit grutte ûndersyk litte lykwols noch wol in jier op him wachtsje, tinkt Frans Duin. Duin is dokter en miljeukundich sûnenskoördinator fan de GGD en direkt belutsen by it ûndersyk. Hy tinkt dat der gjin sûnensgefaar west hat by de ferhege útstjit fan dioksine yn oktober. "Voor de gezondheid is er geen gevaar geweest. De uitstoot van de dioxine voegt niks toe", seit Duin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)