Lucas Bijker sintraal yn de ferdigening by Hearrenfean

12 feb 2016 - 12:55
  • Lucas Bijker

Hearrenfeanspiler Lucas Bijker begjint sneon yn de basis tsjin Vitesse. Bijker spilet sintraal yn de ferdigening op it plak fan de skorste Joost van Aken. Jeremiah St. Juste is werom fan in blessuere en begjint fuort yn de basis. Hy nimt op it middenfjild it plak oer fan Stefano Marzo, dy't ek skorst is.

Vitesse mist spits Dominic Solanke. De Arnhemmers stean achtste mei fjouwer punten mear as SC Hearrenfean.

Opstelling: Mulder, Van Anholt, Bijker, Otigba, Cavlan, St Juste, Van den Berg, Thorsby, Zeneli, Veerman en Larsson.

Bijker, âld-spiler fan SC Cambuur, is ferrast oer it opstappen fan trainer Henk de Jong by de Ljouwerter klup. Hy hat De Jong in berjocht stjoerd om him sterkte te winskjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)