Druk op Omrin nimt ta

REC ôffaloven © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
De CDA-fraksje yn de gemeente Achtkarspelen freget it kolleezje fan b. en w. yn dy gemeente om druk út te oefenjen op Omrin. De partij wol dat Omrin de twangsom akseptearret dy't de provinsje harren oplein hat yn ferbân mei steurings by de REC yn Harns. It CDA yn Achtkarspelen jout hjirmei as earste fraksje gefolch oan de oprop fan it CDA yn Harns om dit te dwaan.
CDA Harns en ek de steatefraksje fan it CDA wolle dat Omrin gjin beswier makket tsjin de twangsom, mar der foar soarget dat de ôffaloven nei behoaren wurket.
Op 19 febrewaris is de ekstra oandielhâldersgearkomste fan Afvalsturing Friesland.