Ierske keunstner Dara McGee komt nei Fryslân

12 feb 2016 - 10:58

De Ierske keunstner Dara McGee komt nei Fryslân. Yn de moannen maart en april sil de keunstner wurkje oan in 'performance-keunstwurk' fanút it âld suvelfabryk yn Marrum. Hy docht ûnder oaren ûndersyk nei de maritime skiednis fan Fryslân en wol dy skiednis ferbyldzje troch dûns, sjongen en byldzjende keunst.

Oarsom wurket de Fryske keunstner Aukje Schaafsma fiif wiken yn Cornwall. De resultaten binne te sjen op in reizgjend festival, dat yn septimber ûnder oaren Dokkum oandocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)