Fryske en Grinzer gearwurking foar mear sinnepanielen

Sinnepanielen © Omrop Fryslân
De ITBB Group, fêstige op It Hearrenfean en yn Grins, sil mear gearwurkje mei sinne-enerzjyleveransier enie.nl út Grins. Dy kar is makke, omdat de merk foar sinne-enerzjy yn Nederlân hieltyd fierder groeit en de ferwachting is dat dy groei yn 2016 fierder trochset.
ITBB hat him de lêste jierren benammen rjochte op de saaklike merk, enie.nl wie benammen aktyf yn de partikuliere sektor. Los fan elkoar hawwe de partijen it ôfrûne jier tsientûzenen sinnepanielen pleatst.
Elts jier 50.000 sinnepanielen derby
Mei dizze nije gearwurking wolle de partijen alle jierren op syn minst 50.000 sinnepanielen pleatse. De bedriuwen rjochtsje harren benammen op saaklike projekten en de realisaasje fan sinnegreiden.