Ekstra oandielhâldersfergadering Omrin op 19 febrewaris

De ôffaloven yn Harns
De ried fan kommissarissen fan ôffalbedriuw Omrin hat in bysûndere fergadering fan oandielhâlders útskreaun foar takom wike freed 19 febrewaris. It iennige agindapunt is de reststoffe-enerzjysintrale, de REC.
De gemeente Harns trune dizze wike oan op in ekstra fergadering fanwege de tanimmende soargen en fragen oer de útstjit fan de sintrale. Neffens Janny Vlietstra, foarsitter fan de ried fan kommissarissen, wolle ek oare gemeenten graach sa gau mooglik om tafel. Omrin, eigener fan de REC, is yn hannen fan 19 gemeenten.