Minykafee Hartwerter Húske

By Hartwert is freed in ûnbemand minykafee iepene. In spesjale kommisje hat dêr jild foar regele, by fûnsen, oerheden en bedriuwen. Se tinke dat der in soad ferlet is.
It húske stiet oan it Kleasterpaad dat takom jier iepene giet. Dat rint fan it eardere Oldekleaster nei it Ugokleaster yn de omkriten fan Boalsert. It húske hat in sinnepaniel op it dak, mei de opwekte elektrisiteit kin kofje en tee set wurde en it soarget ek foar kâlde drankjes yn de kuolkast. It kofjehúske yn Hartwert is makke troch learlingen fan it Marnekolleezje.
Winterdeis wurdt it Hartwerter Húske ynhelle.