Losrekke oanhingwein yn berm Wâldwei burgen

© Sicco Riedstra
Mei in grutte kraan is tongersdeitejûn in trailer fuorttakele, dy't by Drachten fan de Wâldwei ôf rekke wie. Earder op de dei wie de trailer troch noch ûnbekende oarsaak lossketten fan de frachtwein, doe't dy by Drachten de Wâldwei rjochting Ljouwert opride woe. De trailer bedarre op syn kant ûnderoan de ferheging fan de oprit.
Om it ferkear net te hinderjen waard besletten om de trailer oan it begjin fan de jûn te bergen.