Omwenners opfang flechtlingen Frjentsjer bang foar oerlêst

11 feb 2016 - 22:04
  • It leeechsteande hotel De Valk yn Frjentsjer dat earder fallyt gie

Omwenners fan it eardere hotel De Valk yn Frjentsjer binne benaud foar de komst fan in needopfang foar 200 flechtlingen. Dat die tongersdeitejûn bliken op de kommisjegearkomste fan de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel. Benammen de bewenners fan fersoargingshûs Froonacker binne benaud foar oerlêst. Ut in enkête fan de wykried docht bliken dat hast 80% fan de bewenners wol foar opfang is, mar net op dit plak en leaver yn in lytsere groep.

In mearderheid fan de gemeenteried liket foar de opfang te wêzen.

De fraksjes hiene wol in soad fragen oer de feiligens. Se easkje ekstra maatregels, lykas mear plysjes en oanpassings fan it gebou. De gemeenteried beslút oer twa wike oft de opfang yn hotel De Valk trochgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)