Snitser fuotbalklup LSC 1890 wol twadde keunstgersfjild

De tagong fan it LSC-terrein oan de Ljouwerterdyk yn Snits © Omrop Fryslân
De Snitser fuotbalklup LSC 1890 wol mei sponsorlopen, eveneminten en ferkeapaksjes jild ophelje foar de oanlis fan in twadde keunstgersfjild en nije klaairomten.
De akkommodaasje oan de Ljouwerterdyk is heechnedich oan in opknapbeurt ta. De klup is al jierren mei de gemeente Súdwest-Fryslân yn oerlis oer de saak. De gemeente en de klup sjogge de opknapbeurt as in mienskiplik projekt, mar de fuotbalklup hat tasein sels in maksimale finansjele bydrage te leverjen. Fuotbalklup LSC bestiet 125 jier en hat 800 leden