Fjouwer gemeenten per 2017 ien amtlik gehiel

11 feb 2016 - 21:09
  • It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum

De gemeentebestjoeren fan Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân sette de foarnommen amtlike fúzje troch. Ut ûndersyk troch de Bestjoersakademy Nederlân docht neffens de gemeenten bliken dat der in soad draachflak foar is. De fúzje moat per 1 jannewaris 2017 in feit wêze. De oergong fan de meiwurkers fan de fjouwer gemeenten nei in mienskiplike regeling soe eins op 1 jannewaris 2016 yngean, mar dy datum waard net helle.

Neffens de ûndersiker fan de Bestjoersakademy kaam dat troch in te krap tiidspaad en om't de eigen minsken dy't it proses begeliede net genôch tiid en ûnderfining hiene. Om de nije datum wol te heljen, komt der mei stipe fan in ekstern buro in plan fan oanpak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)