Keamerfragen oer hege dioksine-útstjit ôffaloven yn Harns

De ôffaloven yn Harns
PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi hat tegearre mei har fraksjegenoat Yasemin Çegerek fragen steld oer de útstjit fan de ôffaloven yn Harns.
De Keamerleden wolle fan de steatssekretaris witte oft de útstjit in gefaar west hat foar de folkssûnens, hokker konklúzjes de gemeente Harns en de provinsje dêroan ferbine en hokker maatregels naam binne sûnt de hegere útstjit fan dioksine. Se wolle ek witte oft sokke problemen by mear ôffalovens spylje en oft de útstjit tenei troch in ûnôfhinklike organisaasje metten wurde moat.