Plan om streekiten te stimulearjen yn Súdwest-Fryslân

De gemeente Súdwest-Fryslân krijt in saneamde 'voedselvisie'. Ferskate doarpstunen, Stadslandbouw Sneek en lytse ûndernimmers mei in grientetún komme mei in plan foar produksje fan iten op pleatslik nivo. Se wolle mear omtinken foar de boeren yn de streek en it belang fan iten dat út de buert komt, fertelt Freya Zandstra fan engrienetsiis, ien fan de inisjatyfnimmers.
Súdwest-Fryslân is ien fan de earste plattelânsgemeenten mei sa'n 'voedselvisie'.
"Gemeente is der klear foar"
Zandstra tinkt dat de gemeente klear is foar it plan. 'Der bin hjir sa'n soad inisjativen, lykas doarpstunen en selssoarchtunen. Dêrneist fernimst dat minsken hiel entûsjast binne yn it neitinken oer hoe't it better kin. De gemeente hoecht dat allinnich mar te fasilitearjen.'
Agrarysk gebiet
Neffens Zandstra sil de fyzje foaral gean oer hoe't de gemeente safolle mooglik lokaal iten oanbiede kin, sûnder fergriemerij en mei in goede priis foar de boeren. 'Melkfeehâlders produsearje no ûnder de kostpriis. Dat is slim. Fairtrade begjint lokaal. Wy binne in hiele agrarysk gebiet, dus as sa'n plan earne slagje kin, dan is it hjir.'