Ynwenster Frjentsjer mei geweld om it libben brocht

11 feb 2016 - 17:38

De 74-jierrige frou út Frjentsjer dy't tiisdeitemoarn dea fûn waard yn har wenning oan de Eise Eisingastrjitte, is mei geweld om it libben brocht. Dat is de útkomst fan de seksje dy't tongersdei op it stoflik omskot fan de frou dien is.

De 71-jierrige man fan de frou wie tiisdei al oanhâlden as fertochte. De man wurdt freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Hy wurdt fertocht fan moard of deaslach. It ûndersyk troch de plysje rint noch.

Trefwurden: 
geweld Frjentsjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)